Epke Zonderland rjochtet him no op it WK

Epke Zonderland helle snein yn Glasgow krekt net syn tredde Europeeske titel oan de rekstôk. De topturner moast it dwaan mei de sulveren medalje.
© ANP
It goud wie foar de Switser Oliver Hegi. Foar de 32-jierrige Olympyske kampioen fan 2012 yn Londen wie it EK in tuskenstasjon op wei nei it wrâldkampioenskip. Dat is ein oktober yn Doha yn Katar. Fan in grutte teloarstelling wie dan ek gjin sprake.
Epke Zonderland
"Goud siet der wol yn, mar healwei de oefening siet der in foutsje yn", seit Zonderland. Dat wurde ôfstraft troch de sjuery. "Dat wie in pear jier tebek wol oars en doe wiene se net sa strang west."
Zonderland hat no noch tiid genôch om him ta te rêden foar it WK, fynt hy sels. "Ja, wis. Der giet tiid sitten yn de flechteleminten, dus it technyske stik. Ik makke in foutsje troch fysyke problemen en foar my wie dit EK in opbou nei it WK."