Heger berop oer oanfarring bringt Hearrenfean werom yn top trije

13 aug 2018 - 11:30

It skûtsje fan Hearrenfean hat yn heger berop it protest wûn dat skipper Sytze Brouwer yntsjinne hie nei in oanfarring mei it skûtsje fan Ljouwert. De beide skûtsjes binne by Starum mei skea út de wedstriid gongen. Dêrtroch hiene se 14 punten krigen. Hearrenfean like dêrtroch kânsleas foar de einoerwinning, mar troch de útspraak dogge de Feansters no wer folop mei.

Omdat de sylried Hearrenfean yn it gelyk steld hat, meie de Feansters foar de wedstriid fan Starum no it gemiddelde oantal punten opskriuwe dat se yn alle oare wedstriden helje. Dêrmei dogge se wer mei foar it kampioenskip. Hearrenfean giet dêrmei fan it sechsde nei it tredde plak yn it klassemint. Grou bliuwt koprinner, en Earnewâld twadde. It ferskil tusken de nûmers ien en trije is minder as fiif punten.

By de oanfarring op de Iselmar by Starum rekke it skûtsje fan Hearrenfean sneon it helmhout kwyt. Dêrtroch rekke it skip stjoerleas. Ljouwert hie skea oan de wetterstaach. De sylried hat bylden fan de oanfarring brûkt om út te finen wat der krekt barde.

Neffens de sylried hie it skûtsje fan Ljouwert gjin foarrang, omdat it troch de wyn gong. Wa't dat docht, moat fan alle oare skippen frij bliuwe. Ljouwert hie ek protest oantekene. Neffens skipper Willem Zwaga moast er wol draaie, omdat er oars tsjin Wâldsein oanfearn wie. Neffens de sylried telt dat skûtsje yn dit gefal net as 'hindernis', en dêrom hat de sylried it protest fan Ljouwert net takend. Ljouwert hâldt 14 punten.

(advertinsje)