Ynbrekkers litte bewensters skrikke

13 aug 2018 - 09:54

De bewenster fan in hûs oan de Huzumerleane yn Ljouwert is sneintenacht wekker skrokken fan in ynbrekker. Se hearde lûd en gie op ûndersyk út. Se fûn de ynbrekker yn har keuken.

Ynbrekker mei in koefoet - Foto: Shutterstock.com

De man op syn beurt skrok fan de frou en naaide hurd út. Troch de skrik koe de frou gjin sinjalemint trochjaan. De ynbrekker wie binnenkaam troch de túndoarren iepen te brekken.

Freed wie der yn de Wiardastrjitte, om de hoeke fan de Huzumerleane, ek al in ynbraak. Ek dêr waard de ynbrekker trappearre troch de bewenster en naaide hy út. Hy hie in tas fol stellen guod by him, mei dêryn ûnder oare in kompjûter. Neffens de frou giet it om in fyn boude man fan sa'n 18 oant 25 jier, mei in koarte broek en in treningsjaske oan en in petsje op.

(advertinsje)
(advertinsje)