BinckBank Tour rydt troch Fryslân

13 aug 2018 - 09:01

De earste etappe fan de BinckBank Tour troch Nederlân en België is moandei troch Fryslân. De start fan de hurdfytswedstryd is by it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean en de finish is yn Boalsert. Dêr wie snein ek de ploegepresintaasje.

It presintaasjepoadium - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Roelof de Vries oer de BinckBank Tour

De rûte giet út It Hearrenfean wei troch de súdwesthoeke fan Fryslân lâns ûnder oaren Aldemardum, Starum en Hylpen en Warkum op nei Boalsert. Grutte favoryt is sprinter Dylan Groenewegen fan de Lotto-Jumbo-ploech.

(advertinsje)
(advertinsje)