Man stelt bier yn Ljouwert en smart poep op muorre

13 aug 2018 - 08:34

In 20-jierrige man út Rotterdam is it ôfrûne wykein trappearre op it stellen fan trije 'sixpacks' bier en blikjes drank. Dit barde by de Albert Heijn oan de Prins Hendrikstrjitte yn Ljouwert.

Bier - Foto: Shutterstock.com

Doe't de man oansprutsen waard, naaide hy út. Letter koe de fertochte troch de plysje oanholden wurde. Op it buro koe de man him net ynhâlde en yn de ophâldkeamer, in soarte fan wachtkeamer foar fertochten, smarde hy syn poep op de muorre.

De Rotterdammer moat betelje foar it skjinmeitsjen fan de muorre. Hy moat op 18 desimber foar de rjochter komme.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)