Kollum: "De Kneu"

13 aug 2018 - 07:54

"Der binne trije saken yn it libben dy'tst net sels kieze kinst. Alderearst dyn heit en mem. Dy hast al ast berne wurdst en dêr kinst fierder hielendal neat oan dwaan. As twadde dyn skoanheit en -mem. Ek dy krijst der automatysk by. En as tredde dyn buorlju.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Kinst wol in bytsje sykje yn wat foar buert ast wenje wolst, mar úteinlik bist nea baas oer wa't der krekt njonken dy komme. Hielendal net ast op 'e kamping sitst.

Tsien dagen lang sieten wy dizze simmer op in camping yn Limboarch. Wy troffen it, want wy sieten midden yn dy hjittegolf. Doe't we oankamen wie it mar leafst 39 graden. Dus wat dochst mei sok moai waar? Sitst de hiele dei bûten. Krekt as de buorlju. Dêr hast dan ek prima sicht op. Sterker noch: nei in dei koekeloeren witst presys wa't it binne.

Njonken ús siet in jonge húshâlding. Heit, mem en in lyts famke. Dêr wer njonken siet in hiel knappe keardel. De George Clooney fan de kamping, sis mar. Rjocht foar ús tinte stie in wetterkraan, dus alle dagen as George syn wetterfleske folle om te hurdfytsen, sieten wy te genietsjen op ús kampingstuoltsjes. Neffens my hie er dat sels ek yn de gaten, want syn fytsbroekjes waarden mei de dei strakker.

Sa't dat giet op in kamping wikselet de gearstalling fan sa'n buertsje om de pear dagen as minsken nei hûs gean en der oaren foar yn it plak komme. Njonken ús krigen wy healwei de fakânsje in hiel bysûndere húshâlding. Of better sein: in hiel bysûnder eksimplaar heit. It hie ek de pake wêze kinnen. Hy hie in fiis boskje hier op 'e holle en draaide hieltyd in sigaretsje. Wat er ek die - badmintonne, ierappelskile of ôfwaskje - hy hie der altyd in peukje by.

Doe't er mei syn famylje oankaam wie it sa'n 38 graden, mar Peukje hie dapper in reade lange broek oan. Dêr boppe in swart shirt mei lange mouwen fan Hertog Jan. Al rap ûntdekten wy dat de reade broek fan it biermerk Jupiler wie. De hiele fakânsje hat Peukje yn dizze bierkombinaasje omrûn. It sil dêr binnen wol flink skomme ha.

Oer bier praat. In tinte fierderop mochten se ek wol in pilske. Dêr siet in 'rop-en-raasfamylje' út Grinslân. Of twa famyljes eins. Fan moarns oant jûns waard der bûten foar de tinte bier dronken. En muzyk lústere. Net sêft, nee elkenien koe meigenietsje. Favoryt wiene de 'Hollandse hits', lykas de karnavalskrakers fan de Snollebollekes. Op himsels prima, oant der in ferske oer de kneu kaam.

Wa't no tinkt: de watte? De kneu. Dat skynt in lyts fûgeltsje te wêzen, dêr't De Zware Jongens in nûmer oer skreaun ha. De tekst is hiel simpel. Gewoan hiel faak kneu efter inoar sizze. Dus: kneukneukneukneukneu. Hearst wol wat foar literêr keunststikje der dan ûntstiet. Dus dat gong mei 140 desibel oer de kamping. Alle lytse earkes wiene ynienen spitst fansels. Ek by de ukjes yn ús tinte. Dy sieten mei in grutte gniis nei it ferske te hearren.

Hiene we tsien dagen lang besocht om wurden as 'what the fáááck' en 'shíííít' út te bannen, skelt der moarns betiid ien 'neuken neuken neuken' oer de camping. Nee, lekker. Tank, buorman. Doe't er jûns let noch altyd muzyk draaide, hiene wy ús nocht. Mar skiter as ik bin, doar ik der dan net hinne om der wat fan te sizzen. Deabenaud dat ús ôfwasktobke de folgjende moarns folmiigd is. Of dat de hjerringen út ús tinte misse. Wy wiene der noch mar twa dagen, dus hâld dy koest.

Om it leed te fersêftsjen, kaam George Clooney op de lêste dei fan ús fakânsje flakby wenjen. Hy ferruile syn karavan fierderop foar in tinte rjocht tsjinoer ús. 'Hé mem, de moaie man komt by ús wenjen', raasde ien fan ús ukjes entûsjast. George gniisde tefreden doe't er syn mountainbike by syn nije ûnderkommen parkearre. Wy rûnen beide djipread oan ûnder ús luifeltsje. Dan noch leaver de hiele dei in ferske oer de kneu."

(advertinsje)