Bestjoerder botst mei auto op lantearnepeal yn Dronryp

In automobilist is sneintejûn op in lantearnepeal en in beam botst yn Dronryp. De bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. De man rekke by it ûngelok ferwûne oan de holle en is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
De auto nei de botsing © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok. In bergingsbedriuw hat de auto fuorthelle.