Sulver foar Zonderland oan rekstôk op EK turnjen

Epke Zonderland is der snein yn Glasgow net yn slagge Europeesk kampioen oan de rekstôk te wurden. De olympysk kampioen fan 2012 helle mei syn oefening 14.400 punten en dat wie te min foar de titel.
Sulver foar Zonderland oan rekstôk op EK turnjen
Boarne: NOS
It goud gie nei Oliver Hegi. De 25-jierrige Switser krige foar syn oefening 14.700 punten fan de sjuery. Dávid Vecsernyés út Hongarije pakte it brûns mei 14.033 punten.

Flaterke

Zonderland syn oefening hie in hegere swierrichheidsgraad as dy fan Hegi, mar de 32-jierrige turner út It Hearrenfean makke in lytse flater by in draaipunt. Dat waard him swier oanrekkene.