FIDEO: Boalsert presintearret hurdfytsploegen BinckBank Tour

Foardat moandei de earste etappe fan de BinckBank Tour ferriden wurdt, waarden sneintemiddei earst de dielnimmende ploegen ien foar ien oan it publyk foarsteld. Dit barde yn it finishplak fan de earste etappe. Dy set moandei útein op It Hearrenfean en einiget yn Boalsert.
Boalsert presintearret hurdfytsploegen BinckBank Tour
Der dogge yn totaal 23 ploegen mei oan de BinckBank Tour. Yn Boalsert fearen sloepen troch de grachten om de hurdfytsers foar te stellen. Net alle boaten sieten fol. In soad dielnimmers stiene snein noch oan de start fan it EK yn Glasgow.
Dochs wiene der al wol in oantal toppers lykas Dylan Groenewegen. Hy wûn dit jier twa etappes yn de Tour de France. Ek Tom-Jelte Slagter wie fan de partij. De earste etappe giet foar in grut part troch syn trainingsgebiet yn de omkriten fan syn wenplak Nij Beets.

Niet zwaar genoeg

Slagter fynt it altyd moai om yn Nederlân te fytsen. "Dat is toch altijd wel weer bijzonder. Zeker nu dan zo'n eerste etappe." Dochs is Slagter net de grutste kânshawwer op de einoerwinning. "Er zitten te weinig heuvels in. De wedstrijd is gewoon niet zwaar genoeg voor mij."

Grutte ronde

Foar de organisaasje yn Boalsert is it in kâns sjen te litten dat se sa'n evenemint goed oankinne. It kolleezje fan Deputearre Steaten wol graach in etappe fan in grutte ronde nei Nederlân helje. It giet dan om de Giro d'Italia, de Vuelta of de Tour de France.
Deputearre Sander de Rouwe is ien fan de grutte lûkers fan dat projekt. "De minsken fan de organisaasje fan de Binckbank Tour binne hiel tefreden oer hoe't wy it hjir dogge. Se ha al oanjûn hjir graach en gau wer te kommen, mar wy wolle mear as dit. Dy ambysje ha we útsprutsen. Dat we it organisearje kinne, litte we hjir dúdlik sjen."

Earste etappe

De earste etappe fan de BinckBank Tour set moandei rûn 12.30 oere útein by it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. De finish wurdt tusken 16.30 en 17.00 oere ferwachte op de Alde Rykswei by yndustrieterrein De Marne yn Boalsert.