Kalma en Oranje hurd ûnderút op WK, mar wol kwartfinalist

It Nederlânsk alvetal ûnder de 20 jier hat de lêste pûlwedstriid tsjin Frankryk mei grutte sifers ferlern. Mei Fenna Kalma yn de basis waard it yn it Frânske Saint-Malo 4-0. Oranje wie al wis fan in plak yn de kwartfinales en komt dêryn no Ingelân tsjin.
Oranje ûnder 20 mei Fenna Kalma steand, tredde fan links © www.orange-pictures.nl
Nei oerwinningen op Nij-Seelân (2-1) en Gana (4-0) moast Nederlân mei Frankryk útmeitsje wa't as groepswinner trochgean soe nei de kwartfinales.

Amelie Delabre-show

Oranje sette net goed útein. Nei tsien minuten makke Amelie Delabre der 1-0 fan. Nei in healoere spyljen ferdûbele Delabre de skoare (2-0) en twa minuten letter makke sy ek har en Frankryks tredde fan de middei (3-0). Yn de twadde helte gie it net folle better mei Nederlân. Emelyne Laurent makke der tweintich minuten foar it ein 4-0 fan. Dêr bleau it by.
Kalma, de 18-jierrige spits út Haskerhoarne, koe gjin rol fan betekenis spylje en waard in kertier foar de ein fan de wedstriid ferfong troch Joëlle Smits. Kalma is mei trije doelpunten noch wol dield topskoarer fan it WK.

Kwartfinales

Nettsjinsteande de nederlaach giet Nederlân wol troch nei de kwartfinales. Dêryn is Ingelân de tsjinstanner. Dizze wedstriid wurdt freed om 16.00 oere spile.