Partoer Tuinenga wint mei oermacht keatspartij yn Harns

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hat sneintemiddei de haadklassepartij yn Harns wûn. Yn de finale wiene de trije te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma (5-0 en 6-4). It wie alwer de fiifde winst op rige foar Tuinenga-en-dy. Yn totaal wie it de achtste winst yn de frije formaasje dit seizoen.
© Henk Bootsma
Tuinenga, Wijnia en Scheepstra pleatsten harren foar de finale troch Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol te ferslaan (5-1 en 6-4). Monfils-en-dy wiene yn de heale finale te sterk foar it partoer fan Jildou Sweering, Martine Tiemersma en Annelien Broersma (5-4 en 6-0).

Keats-off

Takom tongersdei stiet der foar fjouwer partoeren noch in keats-off op it programma. De winner fan dizze wedstriid docht mei oan de Frouljus PC yn Weidum. De partoeren fan Nicole Hempenius, Annet de Haan, Nelie Steenstra en Anne-Berber Zeinstra sille op woansdei 22 augustus om it lêste PC-ticket stride.