Twa ferwûnen by iensidich autoûngelok yn Finkegea

In auto is sneintemiddei op in beam botst by de krusing fan de Noordwolderweg en de Vinkegavaartweg yn Finkegea. By it iensidige ûngelok rekken twa ynsitters ferwûne. Sy binne nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.
De auto © Wiegmink Media
De auto ried op de Vinkegavaartweg en skeat op de krusing rjochttroch. In beam brocht de auto ta stilstân. Hoe't it mei de twa ferwûnen is, is net bekend. Ek oer de oarsaak fan it ûngelok is noch gjin dúdlikheid.