Bredere ynset dokterswacht

27 jun 2012 - 21:07

De auto's fan de dokterswacht kinne tenei - by hege need - ynsetten wurde as in soarte fan ambulânse. De dokterswacht riidt fan woansdei ôf yn nije auto's, dy't altyd yn ferbining stean mei de nije meldkeamer. By in melding fan in slim ûngelok of in hertoanfal wurdt de dokterswacht oproppen, at der efkes gjin ambulânse is of te lang ûnderweis is. Oarsom komme tenei deselde regels te jilden.

De ôfspraken binne neffens de direksje fan de dokterswacht noch mar in earste stap. Der wurdt tocht oan fierdere gearwurking mei de ambulânses, bygelyks by de komst fan nij personiel.

Trefwurden: 
hûsdokters dokterswacht
(advertinsje)
(advertinsje)