FIDEO: Ljouwert ûniens mei sjuery-útspraak oer oanfarring by Starum

Skipper Willem Zwaga fan Ljouwert giet yn heger berop tsjin in útspraak fan de sjuery. It giet om de útspraak yn it protest dat Zwaga oanspand hie nei oanlieding fan in oanfarring mei it skûtsje fan It Hearrenfean, yn de wedstriid by Starum. Dat meldt de SKS. It Hearrenfean rekke by de oanfarring it helmhout kwyt.
De oanfarring dêr't Hearrenfean it helmhout mei ferspile
De skippers Ljouwert en Hearrenfean hiene beide protest yntsjinne nei oanlieding fan in oanfarring by de boppeste tonne. Beide skûtsjes ha nei dy oanfarring mei averij it wedstriidwetter ferlitten.
De sjuery hie de protesten ôfwiisd, mar dêr is Zwaga it net mei iens. De sylried fan de SKS sil him der no oer bûge. Dat is in klup fan minsken dy't dêr troch de SKS foar oanwiisd is. De sylried komt moandeitemoarn om 09:00 oere byinoar. It is de bedoeling dat der mei it rûtebesprek foarôfgeand oan de wedstriid in útspraak leit.