FOTO'S: Ien wike skûtsjesilen yn tsien bylden

Nei ien wike skûtsjesilen is titelferdigener Grou foarearst klassemintslieder by de SKS. Tsien fan de fjirtjin skûtsjes ha al in kear de maksimale 14 punten ynkassearre. Yn de top fan it klassemint is it spannend. In oersjoch fan ien sylwike yn tsien foto's.
Titelferdiger Grou op de Pikmar © ANP
Foardekkers fan Grou sette de loete yn de fok © ANP
Seis skûtsjes sile tagelyk De Tynje yn © ANP
Publyk sjocht nei de wedstriid by Grou © ANP
It skûtsje fan Ljouwert op it wetter by Grou © ANP
Skûtsjes wachtsje by Earnewâld op de start dy't noait komt © ANP
Taskôgers sjogge nei it skûtsjesilen by Langwar © ANP
De peiler fan Langwar hâldt it net drûch yn de baren fan de Iselmar © ANP
De skoatemannen fan Langwar ha it swier op de Iselmar © ANP
Konsintraasje by de fokkenist fan Grou © ANP