Firtuele waadrintocht moat toeristen entûsjast meitsje oer natoer

In firtuele waadrintocht moat mear minsken nei it Waadgebiet talûke. It idee komt fan ûndernimster Rens Kalsbeek. Dit wykein hat se mei in spesjale 360-gradenkamera it waad op west om in nije film op te nimmen. Dat meldt RTV Noord.
De Waadsee by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
As de film klear is, kinne minsken him mei in spesjale bril besjen, en dan fielt it krekt as oft se midden op it Waad steane. Neffens Marco Lackner fan Virtual Travel wolle toeristen hieltyd faker earst sjen wêr't se bedarje foar't se in reis boeke.
It is de bedoeling dat de firtuele waadrintocht de kommende jierren op beurzen ynset wurdt om mear toeristen nei it Noarden te lûken.