Zonderland giet foar nije haadpriis op EK yn Glasgow

12 aug 2018 - 08:46

Epke Zonderland is sneintejûn favoryt yn de finale oan de rekstôk op it Europeesk kampioenskip turnjen yn Glasgow. Mei ien Olympyske titel, twa wrâldtitels en twa Europeeske titels yn de bûse is er eins oan syn stân ferplichte om kampioen te wurden, al is syn lêste grutte súkses alwer fan fjouwer jier lyn.

Epke Zonderland - Foto: ANP

Yn 2014 pakte Zonderland syn twadde wrâldtitel op de rekstôk. Dat wie op it WK yn it Sineeske Nanning. Dêrnei folge in perioade dat Zonderland ôfstudearre as dokter. Sportyf gong it minder. It WK fan 2015 yn Glasgow rûn út op in yndividueel drama (32ste op rek), en by de Spelen yn Rio (2016) fleach er as titelferdigener fan de stôk ôf.

Foarich jier wie better, mei in twadde plak yn de WK-finale yn Montreal, achter de Kroäat Tin Srbic. Dit jier is Srbic der net by, yn Glasgow. Zonderland hat yn de kwalifikaasjes de bêste skoare delsetten (14.333). It wie ien fan de bêste kwalifikaasjeoefeningen dy't er oait turne hat, seit er sels.

Zonderland is de iennige Nederlanner dy't de finale fan in toestel helle hat. De Nederlânske ploech helle yn Glasgow ek de finale net. Yn totaal dogge der acht turners mei oan de rekstôkfinale. Dy begjint om 18:40 oere, Nederlânske tiid.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen EK
(advertinsje)