Gjin poadiumplak foar Amels yn EK-finale heechspringen

Douwe Amels koe sneon op de EK yn de finale fan it heechspringen net foar in ferrassing soargje. De 26-jierrige atleet út Drachten sprong yn Berlyn noch wol oer de oanfangshichte fan 2,19 meter, mar slagge der net yn oer 2,24 meter hinne te gean.
Douwe Amels © www.orange-pictures.nl
Amels stried mei alve oare heechspringers om de Europeeske titel. De Fries einige úteinlik op it achtste plak.