Brânwacht befrijt jonkje út boarterstastel yn Drachten

In jonkje fan 10 kaam sneontejûn by it boartsjen mei syn knibbel fêst te sitten yn in tastel oan de Handwerkerszijde yn Drachten. De ûngeloksfûgel siet minstens in oere fêst yn it klimrek. De brânwacht hat him der mei in seage úthelje kinnen.
Brânwacht befrijt jonkje út boarterstastel yn Drachten
It jonkje kaam der sûnder kleanskuorren ôf. Om fan de skrik te bekommen mocht er noch even yn de brânwachtauto sitte.