De Vries komt nei fal op FK mei skrik frij: "Pear bierkes kin"

11 aug 2018 - 19:15

De FK fierljeppen sneontemiddei yn Winsum leine hast in oere stil. Dit kaam troch in rare fal fan ien fan de dielnimmers, Jelle Douwe de Vries. Nei in behanneling yn it sikehûs socht er it fierljepterrein wer op. Hoe is it mei him?

Jelle Douwe de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Jelle Douwe de Vries oer syn fal by de FK

"Wol goed", sei de ûngeloksfûgel. "Ik ha gjin pine. Om it ankel ha ik in moai stikje ferbân en gips krigen. Dat hat de suster moai dien."

De Vries lei hast in oere yn it sân nei syn fal, wêrby't syn rjochter ankel út de kom rekke. "Yn it sânbêd ha se my even platspuite. Doe ha se it ankel wer rjocht setten en dêrnei bin ik nei it sikehûs brocht en yntapet. It hie folle minder kinnen."

Pear bierkes

It gips moat der in wike omhinne bliuwe. Dêrnei wurdt sjoen hoe't de ankelbannen deroan ta binne. "It is net noflik, mar ik bin bliid dat ik mei in pear wiken wer oan it wurk kin."

De Vries kaam gie nei ôfrin fan syn sikehûsbesite wer nei it fierljepterrein. Wêrom? "Ik ha fierder gjin medikaasje krigen, dus in pear bierkes nei binnen wurkje mocht wol fan de suster."

(advertinsje)
(advertinsje)