Ysbrand Galama wint Frysk kampioenskip fierljeppen

11 aug 2018 - 17:33

By de FK fierljeppen sneon hat Ysbrand Galama de Fryske titel op syn namme skreaun. Mei in sprong fan 19.85 meter wie de ljepper fan It Heidenskip yn Winsum de bêste. By de froulju wûn Sigrid Bokma út Hylpen, wylst by de junioaren Wietse Nauta út Drylts nei it goud ljepte.

Ysbrand Galama wint Frysk kampioenskip fierljeppen

Ysbrand Galama oer syn Fryske titel

By de jonges wûn Wisse Broekstra út Tsjummearum it Frysk kampioenskip. Bente Vlas út Heech die dat by de famkes. Boppedat sprong sy fan alle froulju it fierst. Dêrom krige sy de Glêzen Ljepster.

Finales

Galama wie mei syn 19.85 metersprong de bêste by de malju. Nard Brandsma út Warkum waard twadde mei 19.73 meter. Hannes Scherjon út Noardburgum kompletearre it poadium troch 19.11 meter te ljeppen.

By de froulju wie Sigrid Bokma mei 14.94 in klasse apart. Anneke Broersma út Lemelerveld waard twadde (14.35 meter), krekt foar Akke Dijkstra út Bûtenpost (13.87 meter).

Yn de junioareklasse pakte Nauta goud. Hy die dit troch 19.02 meter (in pr) te ljeppen. Twadde waard Freark Kramer fan It Heidenskip (18.66 meter) en op it tredde plak yn dizze klasse einige Jan Teade Nauta út Drylts (18.25 meter).

Jonges en famkes

Wisse Broekstra waard by de jonges kampioen. Hy die dit troch 17.27 meter te springen. Op it twadde plak einige Rutger Haanstra fan It Heidenskip (16.27 meter). Tredde waard Abe-Luuk Stedehouder út Drylts (15.73 meter).

By de famkes stuts Bente Vlas der mei kop en skouders út. Mei har 15.36 metersprong wûn se net allinnich it Frysk kampioenskip, mar ek de Glêzen Ljepster. Dit is de priis foar de fierste sprong fan alle froulike dielnimmers. Op it twadde plak einige Tirza Boschma út Drylts (13.52 meter). Stedsgenoat Lisse van der Knaap makke it poadium kompleet (13.25 meter).

Sigrid Bokma oer har Fryske titel

Wietse Nauta oer syn Fryske titel

Bente Vlas oer har Fryske titel

Wisse Broekstra oer syn Fryske titel

De winners fan it FK fierljeppen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Frysk kampioen Ysbrand Galama
Trefwurden: 
fierljeppen Ysbrand Galama FK
(advertinsje)