Skûtsje Grou pakt winst yn slitaazjeslach op wetter by Starum

11 aug 2018 - 16:39

It skûtsje fan Grou hat sneontemiddei de sechsde wedstriid fan it SKS kampioenskip op it wetter by Starum wûn. Skipper Douwe Visser kaam mei syn bemanning as earste oer de streek yn in race mei in protte útfallers.

Op it twadde plak einige it skûtsje fan Langwar, mei skipper Jaap Zwaga. Tredde waard De Lemmer, mei Albert Visser oan it roer.

Slitaazjeslach

De race sette rûn 15.00 oere útein en soe in slitaazjeslach wurde. Sûnder it skûtsje fan Snits begûnen trettjin skûtsjes oan de wedstriid. Op it wetter by Starum gie Grou as earste om de tonne, krekt foar Langwar.

In skoftsje letter krige It Hearrenfean maleur. Fanwegen in stikken roer moasten sy de striid stake. Ek Ljouwert soe de einstreek net helje en heakke healwei de wedstriid ôf fanwegen in kromme wetterstaach.

Visser en syn bemanning leine de hiele middei op kop en pakten sadwaande oertsjûgjend harren twadde winst yn it kampioenskip.

Protesten

By de wedstriid hiene trije skûtsjes protest yntsjinne, wêrûnder Ljouwert en It Hearrenfean. Beide protesten waarden net takend, wêrtroch't de beide skûtsjes yn it klassemint fjirtjin punten derby krigen.

Ek it puntetotaal fan Huzum naam mei fjirtjin ta. De Jouwer hie protest yntsjinne tsjin it skûtsje fan skipper Johannes Meeter nei in bakboard-stjoerboardkwestje.

Algemien klassemint nei seis wedstriden

Plak Skûtsje Punten
1. Grou 16,8
2. Earnewâld 17,9
3. Ljouwert 23,8
4. Akkrum 24
5. De Lemmer 25
6. It Hearrenfean 26,9
7. Huzum 28
8. Drachten 35
9. d'Heale Moanne 36
10. De Jouwer 40
11. Snits 42
12. Starum 45
13. Wâldsein 48
14. Langwar 51
Trefwurden: 
Grou Starum skûtsjesilen SKS
(advertinsje)