FK fierljeppen leit oere stil fanwege blessueregefal

De FK fierljeppen hawwe sneontemiddei yn Winsum in oere stillein fanwege in op it each rare blessuere fan dielnimmer Jelle Douwe de Vries. De ljepper fan It Heidenskip kaam by in sprong net goed telâne by it út de stôk springen.
Jelle Douwe de Vries rekke ferwûne oan syn ankel © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De Vries lei in flink skoft op it sânbêd foar behanneling. Nei alle gedachten hat er by de fal syn rjochter ankel brutsen. Uteinlik is er mei in ambulânse nei it sikehûs brocht foar fierder ûndersyk.
FK fierljeppen leit oere stil fanwege blessueregefal