LIVE: FK fierljeppen yn Winsum

11 aug 2018 - 13:27

Omrop Fryslân stjoert it FK fierljeppen yn Winsum út, fan 13.30 oere ôf op TV en yn de livestream yn dit artikel. Foar hast alle ljeppers is dit de grutste wedstriid fan it jier. Yn de kategoryen topklasse, froulju, junioaren, jonges en famkes wurdt sprong om de Fryske titels. En dejinge mei de fierste sprong fan de dei giet mei de Sulveren Pols (manlju) of de Glêzen Ljepster (froulju) nei hûs.

In dei foar it Frysk kampioenskip fierljeppen waard foarútsjoen op de ljepwedstriid fan it jier yn it Fierljep Kafee. Dy útstjoering is as podcast werom te harkjen.

Trefwurden: 
fierljeppen FK
(advertinsje)
(advertinsje)