Socht: âlde truien om 2018 nije Fryske truien fan te meitsjen

11 aug 2018 - 12:16

Miskien hast foar it earst yn wiken wol wer in oan: in trui of in fest. En ast dan ta de konklúzje kaam bist dat der in pear tusken dyn kolleksje sitte dy't eins net mear kinne....dan kinst se sneon kwyt yn Ie, foar in bysûnder projekt. De klean wurde sammele yn it flaaksmuseum om der dêrnei in echte 'Fryske trui' fan te meitsjen.

De truien wurde nei de ynsammelingsaksje selektearre op kleur, wêrnei't de klean werombrocht wurde ta fezels. Hjirnei wurde dizze fezels kombinearre mei linnen út it flaaksmuseum om wer in nij materiaal fan te meitsjen. Mei dit materiaal kinne dan de nije Fyske truien makke wurde.

It is de bedoeling dat der yn totaal 2018 truien makke wurde. Heal septimber moatte de earste truien klear wêze, om dan yn oktober de rest klear te meitsjen. De truien kinne de kommende tiid noch ynlevere wurde yn ûnder oare it flaaksmuseum yn Ie of by de kringloopwinkels fan Omrin.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Trefwurden: 
Ie trui
(advertinsje)