Damwâld krijt doarpssintrum

27 jun 2012 - 17:25

De Krúswei yn Damwâld wurdt lang om let it nije doarpssintrum fan Damwâld. Tolve jier lyn is it âlde doarpshûs de Mounetille sloopt. Gemeente Dantumadiel en wenningkorporaasje Thús Wonen stekke sân ton yn 'e renovaasje fan it monumintale gebou oan 'e Haadwei.

De gemeente hie earst tasein mear jild te jaan, mar is dêr op werom kaam.

Trefwurden: 
Damwâld
(advertinsje)