Skûtsjesilen by Starum foarearst útsteld

11 aug 2018 - 11:24

It SKS skûtsjesilen is sneontemiddei foarearst útsteld oant trije oere. Dat is besletten by de rûtebesprekking foarôfgeand oan de wedstriid. It wiene benammen de skippers dy't der by de wedstriidlieding op oantrunen om in lettere starttiid yn te stellen.

It skûtsje fan It Hearrenfean op it wetter by Ealahuzen - Foto: SKS

Der stiet in hurde wyn op de Iselmar, mei in krêft 4 as 5. Dit soarget foar hege weagen en mooglik gefaarlike sitewaasjes.

It is al de tredde kear yn in wike tiid dat it silen oanpast wurde moat fanwege it waar. Ofrûne tiisdei waard de wedstriid op it wetter by Earnewâld ôfsein om't der net genôch wyn stie, en de wedstriid fan freed op it wetter by Ealahuzen hie fanwege in hurde wyn in lettere start.

Trefwurden: 
Starum skûtsjesilen SKS
(advertinsje)