Omrop TIP Buro de Vries live yn Hantum

11 aug 2018 - 10:31

Noardeast-Fryslân is ien fan de regio's dy't it measte lêst hat fan de krimp. Dochs docht bliken dat it doarp Hantum dêrop in útsûndering is. De befolking is dêr de lêste tsien jier krekt mei 12% groeid. Hoe kin dat? En wat is dêrby de ynfloed fan it eigen doarpsprogramma 'Hantum Fitaal' wêryn't fertutearze húskes opknapt wurde? Buro de Vries siket it snein út yn in live radioprogramma fan it terras fan café De Terp ôf. Wat is it geheim wêrom't minsken fan bûten nei it doarp komme en dêr ynvestearje yn kostbere ferbouwingsplannen? Doarpsbewenners en nijkommers fertelle har ferhaal.

Boeddhisme

Hantum hat ek in opmerklike bân mei it Boeddhisme. Krekt bûten it doarp stiet sels in echte Stoepa, de "Karma Deleg Chö Phel Ling". In stoepa is in bouwurk dêr't reliken fan in boeddhistyske hillige yn ûnderbrocht binne en dy't, ien kear ynwijd, ek nea wer ôfbrutsen wurden mei. Wy sille op besite by de stoepa en gean nei wêrom't dy krekt yn Hantum stiet. En leit der link mei de groep hippys dy't yn de jierren '70 yn Hantum delstruts?

Stoepa - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Multyfunksjoneel sintrum

Fierder stean we yn Hantum noch stil by de jierrenlange striid foar in eigen multyfunksjoneel sintrum. Dit wie lykwols sûnder sukses, sadat no it âlde doarpshûs mar wer opknapt wurdt. Ek fernimme wy nei de mooglikheden foar toeristen om yn it doarp te ferbliuwen.

It eigen Shantykoar sil live foar ús sjonge, en it koar sil útlizze wêrom't sels advokatekantoar Anker & Anker him mei de koarnamme bemuoide; en wy sykje út wêrom't it doarp syn eigen bosk 'opfrette' wol.

Buro de Vries is der snein live tusken 11 en 13 oere fan it terras ôf fan kafee De Terp.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
Trefwurden: 
LF2018 Buro de Vries Hantum BdV
(advertinsje)