Jorgos Skotadis wint 49ste swimmaraton Starum-Medemblik

11 aug 2018 - 08:48

Jorgos Skotadis is winner wurden fan de swimmaraton oer it Iselmar fan Starum nei Medemblik en dêrmei it Nederlands Kampioenschap Marathon Zwemmen. De swimmer fan swimclub De Dolfijn út Amsterdam wûn yn in tiid fan 5 oeren, 7 minuten en 29 sekonden.

It wie in swier edysje mei hiel hege weagen. De nûmer waard Lisa Dreesens fan in swimclub út Den Haach. Op it tredde plak einige Lars Bottelier fan swimclub VZV út IJmuiden.

Der binne oant no ta twa útfallers. De swimmers kinne twa oeren nei de eintiid fan de winner noch binnen komme. De organisaasje ferwachtet dat in oantal dielnimmers it net helje sille.

De dielnimmers fan 2017 - Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

De swimmaraton is ien fan de pear lange-ôfstânswimeveneminten dy't yn Nederlân oerbleaun binne. "Het IJsselmeer bedwingen is ook iets anders dan gewoon in een zwembad een lange afstand zwemmen. Golven, wind en soms regen teisteren de deelnemers", sa konkludearret de organisaasje.

(advertinsje)