Kuorballers winne WK yn Sina

05 nov 2011 - 13:00

De Nederlânske kuorballers hawwe yn it Sineeske Shaoxing foar de achste kear yn njoggen WK's de wrâldtitel behelle. De ivige konkurrint België fersloegen se yn de finale mei 32-26.
Yn it team sit Fries om utens André Kuipers. Hy skoarde fjouwer kear.

De ploech fan bûnscoach Jan Sjouke van den Bos hie in goede start. Troch Mick Snel stie Oranje al gau op in 4-1 foarsprong. Mei it skoft wie de stân 16-13.

Trefwurden: 
Sina kuorbal WK
(advertinsje)