Haadpriis Staatsloterij falt yn Achtkarspelen

De haadpriis fan ien miljoen euro yn de Staatsloterij is freedtejûn fallen yn de gemeente Achtkarspelen. It is foar de tredde kear op rige dat der in grutte priis yn Fryslân falt.
© ANP
It giet om in persoan dy't abonnee is fan de lotterij. Yn july wûn ien út de gemeente Kollumerlân de haadpriis fan tritich jier lang tsientûzen euro yn de moanne. En in lokkige út Tytsjerksteradiel wûn foarige moanne ek ien miljoen euro. De jackpot fan 7,9 miljoen euro is freed net fallen.