Ferskate aksjes yn Drachten foar troch brân troffen famylje

10 aug 2018 - 23:11

Yn Drachten binne tongersdei en freed ferskate aksjes op tou set om de famylje dy't sa slim troffen is troch de brân oan de Hantwurkersside te helpen. By de brân kamen twa gesinsleden om it libben, mar de famylje rekke ek alle klean en húsried kwyt.

Foto: Srfotografie

Dat giet buertgenoaten en oare Drachtsters sa bot oan it hert dat, benammen op sosjale media, ferskate aksjes opset binne om de famylje te helpen. In oprop foar guod op de Facebookside 'Inzameling woning brand 9-8-2018' waard nei in oantal oeren wer stopset, omdat der doe al genôch guod ynbrocht wie.

De famylje hie yn earste ynstânsje ûnder oare ferlet fan guod foar de poppe. In famyljelid hat yntusken ek al op Facebook betanke foar de help.

Help fan bedriuwen

Njonken partikulieren binne der ek bedriuwen dy't meiwurkje oan de aksjes, bygelyks troch as sammelplak fan guod of op in oare wize. De bedriuwen yn kwestje rinne dêr net mei te keap. "Ik giet net om ús bedriuw. It giet derom dat it guod dat de famylje nedich hat der komt", fertelt in ûndernimster.

De troffen famylje kent sy net persoanlik, mar ferskate fan har klanten wol. "Dêr giet it ek net om. In famylje dy't soks oerkomt moat holpen wurde." Sy fertelt der by dat der ek aardich wat guod ynlevere is troch minsken, dy't sels net in soad te besteegjen hawwe.

Crowdfundingsaksjes

Omdat de troffen famylje mooglik wol wat langer help brûke binne der yntusken ek ferskate crowdfundingsaksjes opset. Op Doneeractie.nl rint de aksje 'Help dit gezin'. Inkelde tsientallen minsken hawwe oant no ta fan dizze mooglikheid gebrûkl makke.

Trefwurden: 
Drachten brân aksje
(advertinsje)