Steaten fierder mei natuerplan

27 jun 2012 - 17:19

De steaten stimden woansdei yn mei plannen fan it kolleezje fan DS om besteande natuergebieten ôf te meitsjen. Ek moatte se sa ynrjochte wurde dat se wol wat ha kinne. Der is gjin romte foar nije plannen.

De provinsje hat sûnt koart it behear oer de natuer yn hannen as gefolch fan ryksbesunigings. In soad fan de oarspronklike plannen kin net útfierd wurde. Sa sil mar 75 prosint fan de ekologyske haadstruktuer oanlein wurde, de ferbinings tusken natuergebieten. Ek sil it dreech wurde alle skea dy't de guozzen feroarsaakje te kompensearjen.

De steaten hâlde al in slach om 'e earm: as it ryk yn de takomst mear jild oer hat foar natuer dan sil de provinsje dat fuort ynsette om de âlde plannen dochs út te fieren.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten natuer
(advertinsje)
(advertinsje)