SC Hearrenfean begjint seizoen mei oerwinning op PEC Zwolle

10 aug 2018 - 21:51

SC Hearrenfean is freedtejûn it nije fuotbalseizoen begûn mei winst op PEC Zwolle troch twa goals fan Morten Thorsby en ien fan Arber Zeneli (3-2). It wie de earste offisjele wedstriid ûnder lieding fan Jan Olde Riekerink as trainer fan de Friezen en ek de video assistent referee (VAR) makke syn earedifyzjedebút.

Doke Schmidt besiket de bal te blokkearjen - Foto: www.orange-pictures.nl

De nije trainer hie yn syn basisopstelling in plakje ynromme foar Doke Schmidt. Syn konkurrint op de rjochtsbackposysje, Sherel Floranus, siet fanwegen in ljiskblessuere net by de seleksje.

Penaltystip

Hearrenfean moast yn it begjin fan de wedstriid benammen tasjen. De thúsklup naam it inisjatyf en kaam nei in lyts healoere spyljen op foarsprong. Schmidt makke in oertreding op Vito van Crooij en skiedsrjochter Dennis Higler wiisde nei de penaltystip. Mike van Duinen wist hjir wol ried mei en brocht syn ploech oan de lieding (1-0).

Fryske stoarm

Lang koe PEC Zwolle hjir net fan genietsje. Thorsby sette út in hoekskop mei de holle de lykmakker op it skoareboerd (1-1). Even letter sette de Noar syn klup sels op foarspong, troch in ôfsleine bal efter keeper Diederik Boer te sjitten (1-2).

Dêrmei gie de Fryske stoarm noch net lizzen, want Zeneli soarge derfoar dat Hearrenfean noch komfortabeler de klaaikeamer opsocht. Hy skeat fia de binnenkant fan de peal raak (1-3).

Reade kaart

Yn de twadde helte wie der opnij in haadrol foar Thorsby, mar no yn negatyf opsicht. De middenfjilder makke hands yn it sechtjinmetergebiet, krige read, wêrnei't Higler foar de twadde kear dizze jûn PEC Zwolle in penalty joech. Opnij gie Van Duinen efter de bal stean en opnij skeat de spits de strafskop binnen (2-3).

PEC Zwolle gie op syk nei de lykmakker en wie inkele kearen tichtby. Daniel Høegh helle healwei it twadde bedriuw in ynset fan Zian Flemming fan de line. Hearrenfean hold stân en begûn sa mei in oerwinning oan de kompetysje.

Kik Pierie (l) yn duel mei Gustavo Hamer - Foto: www.orange-pictures.nl

PEC Zwolle - SC Hearrenfean 2-3 (1-3). 28. Mike van Duinen (pen.) 0-1, 33. Thorsby 1-1, 39. Thorsby 1-2, 43. Zeneli 1-3, 56. Van Duinen (pen.) 2-3. Giele kaarten: Pierie, Schmidt, Bulthuis, Høegh, Lammers (SC Hearrenfean). Reade kaart: 55. Thorsby (SC Hearrenfean).

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Schmidt, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Vlap (87. Van Amersfoort), Kobayashi; Mihajlovic (59. Kongolo), Lammers, Zeneli (66. Rojas).

(advertinsje)