'Jelle R. wie jaloersk doe't er eks-freondinne deastuts'

10 aug 2018 - 21:37

De 22-jierrige Jelle R. út Snits soe jaloersk west ha, doe't er op 3 augustus op Malta syn 30-jierrige eks-freondinne Shannon Mak deastuts. Dêr giet alteast it Malteeske Iepenbier Ministearje fan út. Dat skriuwt de Times of Malta op basis fan petearen mei de plysje.

Plysjes op Malta - Foto: Malta Police

It lichem fan de frou waard ôfrûne freed by har hûs yn Santa Venera fûn. Se lei mei in trochsniene kiel tusken twa auto's. Al gau waard R. as fertochte oanholden. Hy hat oant no ta ûntkend.

Gjin twivel

Neffens de boarnen dy't de krante spruts is der gjin twivel oer dat R. de frou fermoarde hat. Der soene in soad tsjûgen wêze dy't R. as dieder oanwiisd ha. De âld-Snitser bliuwt foarearst fêstsitten. Nettsjinsteande dat syn advokaat oanjoech dat hy net flechtsje kin, wegere de rjochter him earder op boarch frij te litten.

R. en Mak wurken beiden foar it online gokbedriuw iGaming.

Trefwurden: 
Malta Jelle R. Shannon Mak
(advertinsje)