PODCAST: It Fierljep Kafee sjocht foarút op FK yn Winsum

10 aug 2018 - 20:47

Ytkafee De Trijesprong yn Winsum wie freedtejûn omtsjoene ta it Fierljep Kafee. Hjir waard weromsjoen op de skiednis fan it fierljeppen en foarútsjoen op de Fryske kampioenskippen, dy't sneon ôfwurke wurde. Hjirûnder kinst de podcast weromharkje.

Fierljep Kafee - Foto: Omrop Fryslân

Harkje hjir nei de podcast

Presintator Gerrit de Boer en sidekick Hindrik Murk Haanstra prate mei in tal fan ljeppers dy't yn 1968 aktyf wiene. Sy komme mei ferhalen oer de akkommodaasjes fan doe. Fierder komt de nije technyk fan de topljeppers yn harren jacht op it nasjonaal rekôr fan Jaco de Groot (22.21 meter) oan bar. Hannes Scherjon, Oane Galama en Thewis Hobma fertelle yn it Fierljep Kafee hoe't dy technyk yn mekoar sit.

Dêrneist is der yn it kafee omtinken foar 2005, it alderearste jier dat it FK live op telefyzje te sjen wie. Ta beslút wurdt der fansels ek praat oer de kampioenskippen fan sneon en de ûntwikkeling fan it frouljusljeppen. Foar livemuzyk wurdt soarge troch The Lucky Daltons.

Tiidsoersjoch

Tiid Wat? Wa?
04.00 Fierljeppen eartiids Pieter Bult, Berend Dijkstra en Hessel Idzinga
15.00 Frouljusljeppen Marrit van der Wal, Klaske Nauta en Pieter Haanstra
26.00 Ljepkampioenen fan 2005 Bart Helmholt, Henk Schievink en Klaas Haanstra
34.00 Kollum Hindrik Murk Haanstra
39.00 Nije ljeptechniken Oane Galama, Hannnes Scherjon, Hugo Veenker en Thewis Hobma
50.00 Foarsizzing FK 2018 Ysbrand Galama, Freark Wijma, Bart Helmholt en Johannes Haanstra

Sneon 11 augustus is it FK Fierljeppen fan 13.30 oere ôf te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)