Marten Walinga wint earste wrâldkampioenskip Frysk damjen

10 aug 2018 - 20:04

Marten Walinga hat yn it stedhûs yn Ljouwert it earste WK Frysk damjen wûn. De ynwenner fan Waaksens fersloech Alexander Georgiev út Sint Petersburch. Der wie in ekstra wedstriid nedich om te bepalen wa't wrâldkampioen wurde soe, omdat de finalisten likefolle punten hiene.

Marten Walinga - Foto: Omrop Fryslan, Onno Falkena

Marten Walinga is de earste wrâldkampioen Frysk damjen

Walinga hie Georgiev earder yn it toernoai ek al ferslein, mar neffens waarnimmers wie it duo goed oaninoar weage. Yn de ekstra wedstriid blykte Walinga krekt even wat tûker te wêzen. Georgiev kaam neffens eigen sizzen yn de barraazje tiid tekoart om alle mooglikheden goed trochrekkenje te kinnen. Yn de barraazje hiene de twa finalisten elts in healoere spyltiid plus tsien tellen foar eltse set.

Georgiev is âld-wrâldkampioen damjen en waard al foar it toernoai beskôge as in bysûnder gefaarlike outsider. De Rus hat dy reputaasje goed wiermakke. Walinga hie in bytsje in dûbelrol, omdat er yn 'e oanrin ek organisatoarysk belutsen wie by dit earste WK. "Jierren lyn sei Marten in kear tsjin my, sille we in WK Frysk damjen organisearje? No begryp ik wêrom", sei Liuwe Westra fan de organisaasje.

Byleare

Oan it earste WK Frysk damjen diene dammers mei út Italië, Ruslân, Oekraïne, Kamerûn, België en Tsjechië. De measte dielnimmers kamen út Fryslân. Walinga betanke nei ôfrin syn tsjinstanners en dan benammen dyjingen dy't harren de lêste jierren it Frysk damjen oanleard hawwe.

Georgiev ferklearre nei ôfrin dat er net ûntefreden wie mei syn twadde plak. "Ik bin noch hieltyd oan it bylearen. Ek op dit WK ha ik wer in soad leard. Ik ha hjir mar fan ien spiler ferlern: Marten Walinga."

Alexander Georgiev út Ruslân waard twadde

De topfjouwer:

1. Marten Walinga
2. Alexander Georgiev
3. Jelle Wiersma
4. Foeke Tiemensma

(advertinsje)