Geert Kuiper oan de slach by reedrydbûn fan Kanada

Geert Kuiper wurdt technysk adviseur by it Kanadeesk reedrydbûn. "Ik voel me vereerd dat ik voor deze functie ben benaderd door de Canadese bond", wie de earste reaksje fan de 58-jierrige âld-reedrider út Aldeholtwâlde.
Geert Kuiper © www.orange-pictures.nl
Kuiper kriget in advisearjende rol yn Kanada. "Voor mij is dit de juiste plek en de juiste tijd om mijn ervaringen te delen met een enthousiaste en talentvolle groep schaatsers en trainers."
Hy komt dêr te wurken ûnder direkteur Cara Thibault. Kuiper naam inkelde moannen lyn ôfskied fan it KNSB, dêr't er sûnt 2014 as bûnscoach ferantwurdlik wie foar de seleksje en coaching fan de langebaanreedriders op de ploege-efterfolging, massastart en teamsprint.

Olympyske titels

Kuiper wurke rom tweintich jier as trainer yn it reedriden. Hy begeliede ûnder oaren Sven Kramer, Ireen Wüst en Gerard van Velde nei olympyske titels.