Barraazjepartij nedich om winner WK Frysk damjen oan te wizen

10 aug 2018 - 18:26

In barraazjepartij tusken Marten Walinga fan Waaksens en Alexander Georgiev fan Sint Petersburch moat freedtejûn yn Ljouwert bepale wa't de earste wrâldkampioen Frysk damjen wurdt. Beide dammers kamen nei de finaleronde út op 3,5 punt.

De priis - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Georgiev is âld-wrâldkampioen damjen en waard al foar it toernoai beskôge as in bysûnder gefaarlike outsider. De Rus hat dy reputaasje goed wiermakke.

Walinga hat Georgiev wol ferslein yn de rin fan it toernoai, mar neffens waarnimmers is it duo goed oan inoar weage. "Je moatte de holle der goed byhâlde en alle mooglikheden rêstich trochrekkenje", seit Foeke Tiemensma. "As je te graach wolle is in foutsje gau makke."

Mei ferantwurdlik

Tiemensma is mei ferantwurdlik foar de barraazje troch yn syn lêste partij te winnen fan Marten Walinga. "Op in WK kinne je gjin partij fuortjaan. Ik woe dit toernoai goed ôfslute en dat is slagge." Tiemensma waard fjirde op it WK.

Foeke Tiemensma wûn fan Marten Walinga

(advertinsje)