Harkemase Boys kriget mei gps-robot Fryske primeur

10 aug 2018 - 17:59

It kalkjen fan de linen op in fuotbalfjild is no faak it wurk fan frijwilligers dy't dit al jierren mei in soad oandacht dogge. Mar dêr komt feroaring yn. Harkemase Boys hat de primeur yn Fryslân mei in gps-masine dy't it wurk oernimt.

Gertjan Hilarus mei de kalkrobot - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Gertjan Hilarius mei de gps-robot op De Bosk

Dizze nije metoade moat de takomst wurde. It skeelt de klups in soad wurk en dêrmei tiid. Gertjan Hilarius út Donkerbroek hat it iennichste apparaat yn Nederlân. "It earste wat we dwaan moatte, is de fjouwer hoeken fan it fjild útmjitte", leit Hilarius út.

"As we dy fjouwer hoekpunten ha, dan is de masine eins klear foar it 'belijnen'. Hy hat de gps-koördinaten nedich, dus dêr brûke we de kornerflaggen foar. Hy rydt dan fan de iene nei de oare hoeke."

160 euro

De kalk yn de masine wurdt fersoarge troch Eize Linstra. "Ik hie der in pear moanne lyn al fan heard, dat se 'm yn Nederlân yntrodusearje soenen. Doe ha ik kontakt socht mei de eigeners. Ik leverje sels de kalk oan de measte fuotbalklups yn de trije noardlike provinsjes. It like my wol wat om de klups hjirmei te helpen."

Linstra hat it drok mei de oanfragen. "It kostet de klups 160 euro eksklusyf btw. En ik ha al in hiel folle aginda. Der steane al sa'n 40 of 50 fjilden yn dy't we dogge."

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Eize Linstra oer de kalk yn de masine

"We binne de iennigen yn Nederlân dy't sa'n robot hawwe", seit Hilarius. "By de profesjonele klups besykje we wolris ien te sliten. Oan de amateurklups ferhiere we de masine, sadat sy it wat makliker ha."

Frijwilligers binne hieltyd dreger te finen, neffens Linstra. "It binne hast altyd 65-plussers dy't it dogge. Dy âlde garde hâldt der op in gegeven momint mei op. De oanwaaks is net grut, hear ik by in protte klups. Dan is dit in útkomst."

Update yn Denemarken

It wie de bedoeling dat de gps-masine freed de linen útsette soe op sportpark De Bosk fan Harkemase Boys. Dat slagge lykwols net. "It apparaat komt út Denemarken", seit Hilarius. "Dêr ha se woansdei in update dien en no laadt er de bylden net."

Moandei besykje se it wer. Dat is noch op tiid, want oare wike sneon spilet Harkemase Boys de earste thúswedstriid pas.

Harkemase Boys wurdt dan de twadde klup yn Nederlân dêr't de linen mei dizze masine kalke wurde. GOMOS yn Norg hie de primeur yn Nederlân.

(advertinsje)