Skûtsje It Hearrenfean sylt soeverein nei winst by Ealahuzen

10 aug 2018 - 16:57

It skûtsje fan It Hearrenfean hat freed de SKS-wedstriid by Ealahuzen op syn namme skrean. Skipper Sytze Brouwer lei mei syn bemanning de hiele dei op kop. Opfallend wie fierder dat klassemintslieder Earnewâld, mei skipper Gerhard Pietersma, de finish net helle.

Fanwege hurde wynpûsters wie de start fan de wedstriid letter as oars. Langwar en Drachten hiene beide in falske start. Betiid yn de wedstriid joech it skûtsje fan Langwar it op, omdat skipper Jaap Zwaga him net fit fielde.

It skûtsje fan It Hearrenfean naam fuortendaliks de lieding op it wetter. Skipper Sytze Brouwer waard benammen op 'e hakken sitten troch Grou, Huzum en Lemmer, mar joech de kopposysje net mear út hannen.

Huzum, mei skipper Johannes Meeter, waard twadde. Op it tredde plak einige Ljouwert, it skûtsje mei Willem Zwaga oan it roer.

Stjoerboard-bakboardsituaasje

Healwei de wedstriid makke de nûmer ien fan it klassemint in grutte flater. Earnewâld moast útwike foar Akkrum en gie dêrtroch lâns de ferkearde kant fan in boei. Dizze stjoerboard-bakboardsituaasje betsjutte foar skipper Pietersma de ein fan de wedstriid.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Ealahuzen
(advertinsje)
(advertinsje)