Robert van Boxel nei Sparta
Ferdigener Robert van Boxel ferlit Cambuur. Hy spilet it kommende seizoen foar Sparta Rotterdam. Van Boxel (29) is trije seizoenen foar de Ljouwerter klup útkommen. Dêryn spile er 73 kompetysjeduels, wêryn't er trije goals makke.
Van Boxel spile yn it ferline ek foar PSV, ADO Den Haach, AGOVV en MVV. Van Boxel hat in kontrakt fan trije jier by Sparta Rotterdam tekene.