LTO is wiis mei drûchtemaatregelen fan minister fan Lânbou

10 aug 2018 - 15:58

LTO Nederlân is wiis mei de maatregelen dy't de minister fan Lânbou ynstelle wol fanwege de drûchte. De organisaasje is der benammen oer te sprekken dat Carola Schouten in grut part fan de advizen fan LTO oernaam hat.

Carola Schouten - Foto: ANP

Sa meie boeren bygelyks twa wike langer dongride en krije se de mooglikheid om ek nei septimber opnij gers te siedzjen. De minister wol ek dat der in wiidweidige evaluaasje komt fan de wetteroanfier en de bereiningsmooglikheden. De EU moat noch wol akkoart gean mei in tal maatregelen.

Finânsjes

It is noch net dúdlik hoe grut de finansjele gefolgen fan de drûchte dit jier binne. Neffens LTO sille guon boeren en bouboeren nei alle gedachten as gefolch fan de legere opbringsten en hegere kosten swierrichheden krije mei likwiditeit. LTO Nederlân is noch yn petear mei it ministearje fan Finânsjes, de banken en ferpachters om hjir in oplossing foar te finen.

Brede Weersverzekering

Boeren hawwe de mooglikheid om harren te fersekerjen tsjin ekstremen yn it waar. It giet dan om de Brede Weersverzekering. Trochdat de kosten fan sa'n fersekering en it persintaazje fan it eigen risiko djoer binne, hawwe mar sa'n 2.000 bedriuwen sa'n fersekering ôfsletten.

Dat is goed 10 prosint fan it totaal oantal boeren. Ek hjiroer wol LTO noch yn petear. Benammen de belesting fan 21 prosint dy't op de fersekering sit, soe neffens de lânbou-organisaasje ôfskaft wurde moatte. Ek dit sil mei it ministearje fan Finânsjes regele wurde moatte.

Trefwurden: 
lânbou LTO boer drûchte
(advertinsje)