FIDEO: Wa binne de kânshawwers op it FK fierljeppen?

Yn Winsum wurdt sûnt 1957 it Frysk kampioenskip fierljeppen holden. It FK is foar fierljeppers ferlykber mei de PC yn it keatsen. Sneon is it wer safier. Omrop Fryslân sjocht foarút.
FIDEO: Wa binne de kânshawwers op it FK Fierljeppen?
By de manlju is Nard Brandsma de grutte favoryt. Hy is titelhâlder. Foarich jier wûn er mei 20.72 meter syn earste Sulveren Pols. Dit seizoen skerpe er syn persoanlik rekôr oan mei 21.54. Hy fiert ek it klassemint oan en dus is hy de te kloppen man.
In belangrike útdager is Thewis Hobma. Hy pakte yn 2011 mei 20.83 meter syn earste en oant no ta iennige titel. Dat jier wûn er ek it Keningsljeppen. Dat die er dit jier ek...
En wat kin Oane Galama? Hy skreaun yn 2016 histoarje mei in reuzesprong: 21.08 meter. Dêrnei emigrearre er nei Nij-Seelân, mar no is er even werom. Kin hy miskien ferrasse?
In oare dielnimmer dy't alris it fierst ljepte op it FK is Hannes Scherjon. As junior ljepte er yn 2006 nei 19.69 en doe wûn er dus de Sulveren Pols.
Ien fan de kandidaten foar de Sulveren Pols fan dit jier is ek Freark Kramer. De junior ljepte dit jier al ferskate kearen fierder as de senioaren.

Froulju

De lêste winners by de froulju binne der dit jier net by. Ferline jier pakte Klaske Nauta har twadde Fryske titel. Dêrnei gie se op wrâldreis, dus ûntbrekt se dit jier.
Marrit van der Wal is hâldster fan it Nederlânsk rekôr en yn 2016 pakte se har twadde titel. Diskear sit se mei in knibbelblessuere oan de kant.
Sjoen nei de lêste útslaggen fan dit jier, binne der meardere kânshawwers: Anneke Broersma, Sigrid Bokma en Akke Dijkstra hawwe allegear meardere wedstriden wûn de ôfrûne wiken.
Yn it Fierljep Kafee wurdt op freed 10 augustus noch mear foarútsjoen nei it FK Fierljeppen. Fan 19.00 oere ôf is dat programma te hearren by Omrop Fryslân op de radio. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op de programmapagina en as podcast.
Sneon 11 augustus is it FK Fierljeppen fan 13.30 oere ôf te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.