Earste test mei Reus yn it wetter soarget foar gefaarlike ferkearssituaasje

10 aug 2018 - 15:00

De reus De Dûker is freedtemiddei yn Ljouwert te wetter litten. It giet om in earste test foar de foarstellingen op 17, 18 en 19 augustus. De Reuzen rinne dan ferskate rûtes troch it sintrum fan Ljouwert.

De Dûker yn it wetter

De Dûker is lâns de Harnzertrekwei mei in grutte kraan it wetter yn takele. Dat soarge fuortendaliks foar gefaarlike situaasjes. Der komt in soad publyk op ôf en guon automobilisten sette op de Snitsertrekwei de auto stil om foto's te meitsjen.

Der binne ferkearsregelers ynset om it ferkear trochride te litten. Mei de foarstellingen wurde tusken de 300.000 en 400.000 besikers ferwachte.

Omrop Fryslân folget de earste foarstelling op freed. Alles is fan 10.00 oere ôf live te sjen op telefyzje, de website, de Omrop-app en Facebook. Ek hâlde we trije dagen lang in liveblog by.

(advertinsje)