Ljouwerter oer needwaar Ardèche: "De zwembaden zijn overstroomd"

10 aug 2018 - 14:48

Nei needwaar yn de Ardèche yn Súd-Frankryk binne 1.600 minsken evakuearre. Dat seach ek Ljouwerter Carel Nout, manager by Zalen Schaaf en no as fillaparkmanager dwaande yn Frankryk.

Ljouwerter yn needwaar Frankryk

Nout is sûnt fjouwer wiken manager by Les Rives de l'Ardèche, in fillapark mei 90 bungalows. Elk jier docht hy in projekt yn Frankryk, as syn wurksumheden by Zalen Schaaf stillizze. Yn de regio by de Ardèche is it al wiken hiel waarm. De hjitte is no even ôfstraft, tinkt Nout. "Het was telkens boven de veertig graden en dit is een soort afstraffing geweest. Het is nu onbewolkt en dertig graden. Ik plak en zweet niet meer."

Foto: Carel Nout

Nout hie it ek even dreech doe't it needwaar los gie. It begûn tongersdei al yn de nacht mei ûnwaar. Nout gie fan bêd ôf om de WiFi-kastjes derút te heljen, want hy woe net dat de minsken op it fillapark dêr problemen mei krije soene. "Anders klappen ze kapot."

150 milimeter rein

Yn in pear oeren tiid is der neffens Nout wol 150 milimeter rein fallen. "In Nederland valt er achthonderd per jaar. Het is heel snel gegaan." It gie by it fillapark sa mâl dat guon swimbaden oerstreamden. Foar in tal minsken wie dat it sein om nei hûs te gean. Mar dat wie net sa'n drama, fynt Nout. "De mensen die weggingen, zouden toch morgen al naar huis gaan en het is dan Zwarte Zaterdag in Frankrijk. Dus dat begrijp ik wel."

Je zag de kanosluis niet eens meer.

Carel Nout

Der is fierder net in soad skea by Les Rives de l'Ardèche, dat tweintich meter heger leit as oare campings. De swimbaden wurde troch fjouwer bedriuwen skjinmakke, want sneon is in belangrike wikseldei foar it fillapark. "En dan moet het wel klaar zijn. Er ligt nu veel rotzooi zoals zand en takjes in."

Foto: Carel Nout

Nout fynt it eins slimmer foar de lokale kanoferhierder. De rivier Ardèche is op guon plakken wol trije meter omheech kaam. "Er mag nu twee dagen niet worden gekanood. Dat is een fikse schadepost. Je zag de kanosluis niet eens meer door het water."

De rivier dy't normaal sa rêstich en trochsichtich is, feroare tongersdei yn in grutte modderstream. De rêst is no werom by Nout. Hy siet alwer oan de kofje en de strakblauwe loft is der ek wer. "Het was even ellendig, maar het valt hier wel wat mee. Er was geen grote storm zoals in andere gebieden en we hoefden gelukkig ook niet te evacueren. Ik hoop nu vooral dat de zwembaden op tijd schoon zijn. Dan gaan we morgen vrolijk verder."

Trefwurden: 
needwaar Ardèche Carel Nout
(advertinsje)