"It kin jierren duorje foardat de skea oan de natuer wersteld is"

It kin jierren duorje foardat de skea wersteld is, dy't de drûchte oan de natuer feroarsake hat. As it al slagget. Dat seit Natuurmonumenten. Dy organisaasje hat de balâns opmakke fan de ôfrûne wiken. It is dúdlik dat de problemen noch net oer binne, ek al hat it yntusken wer reind.
Bollen sykje ferkuolling © ANP
Om feangreidegebieten better te beskermjen tsjin drûchte, moat it grûnwetterpeil yn heechfeangebieten struktureel omheech. Dat seit Natuurmonumenten. It Fochtelerfean is in heechfeangebiet.
Natuurmonumenten hat de balâns opmakke fan de effekten fan de drûchte fan de ôfrûne wiken. De organisaasje hat soargen oer heechfean- en beekgebieten. Dêr is de wetterhúshâlding bot fersteurd. Heechfeangebieten lykas it Fochtelerfean binne ôfhinklik fan reinwetter en krije gjin wetter út beken en rivieren.

"Onomkeerbare schade"

"In het Fochteloërveen staan op dit moment verschillende delen droog, met onomkeerbare schade als gevolg," seit Wiebe Borren. Hy is hydrolooch by Natuurmonumenten. "We vragen provincies en waterschappen dan ook om het grondwaterpeil in dit soort gebieden structureel te verhogen, zodat het veen in de toekomst beter is beschermd."
"Droogt het hoogveen uit, dan verdwijnt het en komt niet meer terug. Bovendien komt er bij de verdroging - oxidatie genoemd - veel koolstofdioxide vrij. Dubbel zonde; want een gezond veengebied slaat juist heel veel CO2 op."