LIVE: Skûtsjes treffe swier waar op De Fluezen

10 aug 2018 - 13:37

De start fan it skûtsjesilen op De Fluezen is útsteld. Dat hat de kommisje besletten, fanwege de hurde wyn by Ealahuzen. It wetter is ferriederlik. It is binnenwetter, mar it is in grutte mar, en foaral as de wyn út it súdwesten komt, ha de weagen in protte tiid om op te bouwen. En de wyn komt út it súdwesten.

De Súdwesthoeke hat de foarige wedstriid mei averij ferlitten. Se hiene de ferbining tusken de mêst en de gyk midstwa. Skipper Auke de Groot is dêr bot fan skrokken. Der is net ien ferwûne rekke. En de ferbining is wer makke. De Súdwesthoeke kin wer meidwaan.

Skipper Auke de Groot fan Starum

De rûte dy't de skûtsjes by Ealahuzen sile moatte, hat de foarm fan in sânglês. Dêr sitte twa krúsrakken yn.

De rûte by Ealahuzen - Foto: SKS

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is om 18:00 oere in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Ealahuzen
(advertinsje)