"Bereiningsferbod jildt yn elts gefal noch twa wiken"

10 aug 2018 - 13:22

Wetterskip Fryslân hâldt foarearst noch fêst oan it bereiningsferbod, om't op guon plakken yn de provinsje it delslachtekoart noch hiel grut is. Dat bereiningsferbod waard goed twa wiken lyn, op 26 july, ynsteld foar Fryslân.

Foto: ANP

Marian Jager fan Wetterskip Fryslân

"De komende weken wordt er nog weinig neerslag en veel verdamping verwacht. Daarom kunnen we het verbod nog niet opheffen", seit Marian Jager fan Wetterskip Fryslân. Oanjaan wannear't it ferbod nei alle gedachten opheft wurde kin, is noch net mooglik. "Het is heel erg lastig aan te geven", neffens Jager. "We kijken de komende twee weken goed vooruit, maar in die periode verwachten we niet dat we kunnen overgaan tot het opheffen van de maatregelen."

It hat de ôfrûne dagen wol wat reind en de temperatuer is wat omleech gien, mar dat is noch net genôch om te drûchte wei te nimmen. "De temperatuur scheelt in de verdamping. Maar wat er valt, dat compenseert nog niet met wat er in totaliteit nodig is."

(advertinsje)