Kontrakt mei Laco ferlingd

Eaststellingwerf ferlingt it kontrakt mei de eksploitant fan sportkompleks De Boekhorst, it Bosbad en sporthal de Bongerd mei in jier. De gemeente woe yn 2011 al brekke mei eksploitant Laco, om't se oars oant 2026 oan it bedriuw fêst sitte soene. Laco is nei de rjochter stapt, om't se fine dat se rjocht ha op it kontrakt. De útspraak fan 'e rjochter soe der no al lizze moatte, mar is útsteld nei septimber. Dêrom bliuwt Laco yn alle gefallen noch oant septimber 2013 eksploitant. De gemeente wol net de brûkers lêst ha fan it konflikt.
De gemeente sil ynkoarten ûndersyk dwaan nei de takomst fan de swim- en sportakkommodaasjes yn Eaststellingwerf.